Nacht van Warns >> Tentfeest van Warns
Dit jaar organiseren Stichting Trekkertrek Warns en het Frysk Bûn Pealsitte voor de tweede keer het Tentfeest van Warns. Na het succes van vorig jaar, wat mede te danken was aan het prachtige weer is er dit jaar vanzelfsprekend ook een gevarieerd programma met tal van activiteiten. 
Dit jaar word het paalzitten met een livestream gevolgd door Omrop Fryslân, de webcams zullen te volgen zijn op www.omroplive.nl en www.tentfeestvanwarns.nl
Foto's en info van voorgaande jaren zal blijven staan op deze site.
bekijk ook eens onderstaande sites:
Groet Wytse Prins
 
Nacht fan Warns en Frysk kampioenskip pealsitte 2008
ImageDe seisde Nacht fan Warns sil net plakfine yn it lêste wykein fan septimber sa as eltsenien de ôfrûfne jierren went wie, mar yn it earste wykein, te begjinnen op 5 septimber fan dit jier.

Nei in protte oerliz ha we it beslút nommen om it hiele barren dochs wat earder yn it jier te organisearjen. Fansels is dat noch gjin gerânsje op better waar as ferliene jier, mar de kans is wol grutter. Ferliene jier wie it in tige wiete boel, mar de wille wie der net minder om en it waerd wer in grut sukses. It terrein dat sa stadichoan troch eltsenien al “It Evenemintenterrein” nommen wurdt, is troch de frijwilligers flink opknapt. It is in prachtich terrein wurden mei in kreaze yntree. In grut kompliment oan de sponsers en frijwilligers.

It Frysk Bûn Pealsitte organisearret lykas ferliene jier ek dit jier wer it Frysk Kampioenskip Pealsitte. It bestjoer fan it F.B.P. hat him advisearje litten troch de dielnimmers en hat sjoen nei mooglikheden for ferbetteringen. It wedstrydreglemint is op in pear punten oanskerpe en der binne in oantal lytse saken ferbettere. Kollum hat harren kampioenskip al hawn en it rekord is dêr op 66 ûren en 40 minuten brocht, in lyts ûre meer as de langste tiid ferline jier yn Warns. Yn Kollum binne de regleminten yntiid oanpasse en binnen no hast itselde as de offysjele regleminten fan it F.B.P. Der is sprake fan in sportieve striid tusken Warns en Kollum, mar der is mar ien Frysk Kampioen en dat wurdt troch it Frysk Bûn Pealsitte yn Warns organisearre.

Sa as jo fierder yn it programmaboekje lêze kinne, is der wer fan alles en noch wat te rêden for jong en âld en ferwachtsje wy wer in prachtich wykein yn Warns. Oant sjen yn Warns!!!
 
Rûnte fan Warns
ImageDe “Trimgroep Warns” organisearret foar it earst dit jier “De Rûnte fan Warns”. Dizze moaie trimloop sil hâlden wurde op sneontemoarn 6 septimber. De start sil om 10:00 ûre plakfine flakby de pealsitters. Dernei giet de route troch it prachtige lanskip fan`e Sudermar, oer in stik seedyk, fia Skarl wer nei Warns. De finish is wer by de tinte en de pealsitters. De winner fan dizze loop sil de prachtige trofee: “De Peal fan Warns” mei nei hus krije.
De kosten om mei te dwaan binne €2,--.pp. De opbringst fan dizze trimloop sil brukt wurde foar in moai winterevenemint foar de Warnser jeugd.
 
Oanpassing terrein Nacht fan Warns
ImageDe protte rein fan 2007 hat it bestjoer en frijwilligers fan de Nacht fan Warns en it Frysk Kampioenskip Pealsitten oan it tinken setten. Troch it minne waar wie it terrein oan de Middelwei nei Starum ûnbegeanber. Der wiene doe in soad rydplaten oanbrocht, mar dat wie net genôch.
Om it terrein foar de besikers better berikber te meitsjen, is nei in oare oplossing socht. Nei oerlis mei féhâlder P.J. Dijkstra en it bestjoer is besletten om in paad fan stelconplaten oan te lizzen. Mei stipe fan feehâlder P.J. Dijkstra fan Skarl, leanbedriuw A.J. Jongstra fan Warns, Cnossen Infra fan Snits, leanbedriuw V.O.F. de Vries fan Himmelom, handelsûndernimming Munniksma fan Koudum en van Kalsbeek Beton fan Gaast, is it mooglik makke om sa’n paad oan te lizzen.
In ploech entûsjaste frijwilligers is ôfrûne maaie begûn mei de oanlis fan it paad en de ynrjochting fan it terrein. Mei ynset fan al dizze frijwilligers en sponsors hat it bestjoer fan de Nacht fan Warns no in prachtich feestterrein dat hiel goed foar eltsenien te berikken is. Stichting Nacht fan Warns en it Frysk Bûn Pealsitten betanket dan ek eltsenien dy mei holpen hat, yn welke foarm dan ek, oan it tot stân bringen fan dizze ferbetteringen.

Klik hjir foar de foto's fan de oanpassingen!
 
De folgjende jassen (klean) binne fun!

Merk Kleur Soart Maat 
Season Blau/wyt rûtte    Houthakkers Fleece XXL 
Ûnbekind Swart Skipper kiel mei anker XXL 
Atletics men's wear  
Swart/griis Spiker jaske achtig 52 
Ûnbekind
Brún Leren jas XXL 
Only Ljocht grien Spiker jas 
KLM
Blau Overal opdruk Cnossen    
Tresspass Blau Jas mei fleese binnenf. XL 
Ûnbekind Blau Reinbroek 176 
Lake Side Ljocht griis Fleece XL 
 
Nacht fan Warns webcam!
ImageWolle jo witte hoe it de pealsitters fergiet, dan binne jo fansels altyd wolkom op it terrein. Dit is foar de pealsitters in moaie ôflieding.
Mar binne jo net yn staat om nei Warns te kommen dan kinne jo de pealsitters live folgje hjir op de website fan de Nacht fan Warns. In webcam hâldt dei en nacht de dielnimmers yn de gaten. Klik hjir foar live bielden!
 
Pealsitte op in pracht plak!
Image Sneon 1 septimber binne ûnder lieding fan de technyske staf de peallen foar út pealsitten del setten. Doe’t de peallen stienen bliek dat de dielnimmers allegearre in V.I.P. plak krije. Út is ûnfoarstelber hoe’t in prachtich plak de dielnimmers by Warns krije. Eltsenien wa ‘t noch twifels hat om’t him op te jaan, soe him by út oansicht fan de peallen direkt opjaan. We ha noch plak foar dielnimmers dus jou dy op. De priis foar de winner is minimaal € 1250,--. Troch aksjes in oare soart saken by út pealsitten kin disse priis noch oprinne. Dus twivelje net en jou die op.
 
Programma bekend!!
ImageJawier noch sa’n oarel moanne en dan is’t wer safier De Nacht fan Warns en Frysk Kampioenskip Pealsitten, koart troch de bocht in wykein fol mei musyk en aktiviteiten. It programma is foarsafier hinne klear, freed te jun sil it F.K. Pealsitten wer ôfsjitten wurde troch Piet Paulusma dit belooft wer in hiele heppening te wurden. De Koudumer blaaskapel de Hofkesjongers sil de earste moet der yn blaze bij de pealsitters dernei hawwe muzikale ûndersteuning fan Discosilver dy’t al jierren by de Nacht fan Warns komme.

Sneon te moarn kinne jo al betiid op it feestterrein terjochte om te oanskouwen of alle pealsitters noch te plak sitte. Om in oer as healwei tsjinnen giet de Warnzer jiermerk/bradery iepen wér foar boeren, burgers en bûtenlju fan alles te krijen is, in ûnderdiel fan der merk is in agraryske skouw dy elk jier noch groeit. Om in oer as alve sil de boere Trekkertrek begjinne oldtimer en boere trekkers 2wd oant en mei 100 hk kinne lûke foar de sleepwein down under fan st. Trekkertrek Hulshorst.

Sneon te jun is it tiid foar feest, de tinte giet healwei tsienen iepen en rûn alve oere sil de earste live musyk te hearren wêze. The acts dy optrede binne: RED CARS The Red Cars belûke it publyk yn hun enthousiasme en sette in daverjende show del. Dit dogge se al 9 jier troch it hiele lan, strielend middenpunt is Monique de faam op gitaar die sjongt, spilet, dûnset en entertaint. Dernei sille de COOLGIRLZ optrede disse twa fammen binne bekint as de entertainers fan Cooldown Café, mar nei seis jier neist de Coole boyz stean te hawwen, ha se sels ek al ferskaate cover hits skoard mei u.o. “Reggea Night” en “Somewhere over the Rainbow”  se garandeare in up tempo show fan in dik heal oere. Omdat foarich jier PIG MEAT sa’n grut sukses wie en we der in soad posityfe reaksjes op krigen haw binne se dit jier wer kontraktearre ynklusyf de ferneamde kuttepiel fansels. De mannen, Sietse Haima en Jakobus Seunenga die Pig Meat foarmje stean bekind as echte rasartysten en sille fest soarch foar in hichtepunt yn e Nacht. Buten de neamde artysten om sil DISCO SILVER yn de pauses de boel op de kop sette wat se wol tafertroud is. Disco Silver alom bekind yn e Súdwesthoeke en fier der bûten fersoarget al jierren de musyk en apparatuer tidens Nacht fan Warns.

Sneintemoarn sil healwei tsienen de kofje klear wêze, snein stiid fansels wer yn teken fan it Pealsitten mar dit jier hawwe ek in nij item, darttoernoai De Slach By Warns, krek as yn 1345 sil der striden wurde, alline net om ús kostbere grûn mar om De Slach By Warns Bokaal. It toernoai sil bestean út in Koppelstoernoai en in Singelstoernoai Hearen en Dames as der genôch opjefte is fansel. Der sil spiele wurde folgens it saneamde knock-out systeem en it totaal oan prizenjild is dik 2000 euro.

De hiele sneintemiddei sil musikaal ûndersteund wurde, de artysten de we snein ha binne: Shantykoar GJIN C TE HEECH sy binne in begriep yn e súdwesthoeke se binne mei 22 man en hun repertoire bestiet ut Fryske ferskes en shantys. Oan it ein fan e middei sil sjongeres NIENKE optrede se stiet bekind om it bringen fan it libbenslied en treed in soad op yn kafees, diskoteken en op doarpsfeesten yn Fryslân en derbûten.  Sjonger PIETER BAUER sil jûns optrede en dit is in surprize act.

In wykein fol mei allegear aktiviteiten en wis de moaite wurch om es efen del te kommen. Oant Sjen by it evenemint Nacht fan Warns.

 
Nacht fan Warns promoasje team!
ImageÔfrûne sneon binne der in ploech Warnsers mei sleepboat en pream ôfsetten nei de Feanhoop, dit binne fansels trouwe oanhangers en frijwilligers fan de Nacht fan Warns en it Frysk Kampioenskip Pealsitten. En dat wurd efen goed dúdlik makke troch ferskaate boarden die festmakke binne oan hun ûnderkommen. Wy winskje jimme in gesellich wykein. De kykjes stean fansels yn it fotoboek !
 
Nije rinplanke foar it pealsitten!
ImageFreed 22 juny hawwe in prototype fan de nije rinplanke út prebearre. Ôfrune jier wiene der nochal wat dielnimmers dy de planke te smel fûnen, ek bûge der nochal wat troch. Dit soarge so no en dan foar problemen by de op en ôfstap tidens it skoft fan 10 minuten. Foar goan begelieders wy de planke te swier, hy moest namelik nogal wat opstutsen wurde foardat er te plak lei.

De nije rinplanke bestiet út in kokerkonstruksje en is fan hiel licht materiaal makke wy hoopje dat dit foar eltsenien goed útpakke sil. Op e sydkanten fan de rinplanken kin advertearre wurde, wolle jo ien of meer rinplanken sponserje nim dan kontakt op troch in bericht te stjoeren nei Dit e-mail adres is beschermd door spambots, u heeft Javascript nodig om dit onderdeel te kunnen bekijken
 
Nacht fan Warns en Frysk Kampioenskip Pealsitten 2007
Efen in update nei it grutte sukses fan ôfrûne jier sil St. Nacht fan Warns yn gearwurking mei it Frysk Bûn Pealsitte 28 septimber it Frysk Kampioenskip Pealsitten wer organisearje. Eltsenien hopet fansels dat it rekord fan 55 oeren fan ôfrûne jier ferbrutsen wurdt en dat we wat minder te lijen ha fan it waar.

Rûnom it Wykein fan de Nacht fan Warns binne fansels wer tal fan aktiviteiten organiseare, sa sil der wer in agraryske skouw wêze een streekmerk en fansels in soad muzikale ynfolling. In nij item dit jier is boere trekkertrek, boere trekkers oant en mei 100 hk eftertsjil oandreun kinne lûke foar en profesjonele lûkwein ha jo ynteresse dan moatte jo efkes fjirderop op e site sjen foar dielnimmers regleminten en it opjefte formulier .

Foar de agraryske skouw en de merke is der noch rom plak oer binne jo ynteressearre dan kinne jo je fjirderop op disse site jo derfoar op jaan. Der binne plakken oerdutsen en yn e iepen loft.

Om in evenemint fan dizze grutte te organisearen binne frijwilligers noadich. We binne op syk nei minsken mei EHBO en BHV dy de feiligens fan dielnimmers en besikers garandeare kinne dei en nacht. Foar oanmelding Dit e-mail adres is beschermd door spambots, u heeft Javascript nodig om dit onderdeel te kunnen bekijken